'Kunstkade' folget Parnas op

Kunstkade is de namme fan de organisaasje, dy't de opfolger is fan Parnas yn Ljouwert. Dy sil tenei it keunst- en kultuerûnderwiis oanbiede. Nei it opheffen fan Parnas namen 15 organisaasjes yn de stêd op him om it keunst- en kultuerûndersiis te garandearejen. Dêrby sieten It Fries Museum, Tryater en skouboarch de Harmonie. Tongersdeitemiddei is de akte fan de nije organisaasje tekene.
Kunstkade moat soargje foar it oanbod fan lessen, mar hat sels gjin dosinten yn tsjinst. Begjin july wurdt it programma-oanbod bekend makke.