Wurkstraf foar bitende man út Easternijtsjerk

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man fan 26 jier út Easternijtsjerk moat fan de rjochter fyftich oeren ferplichte oan it wurk, omdat er in sjauffeur fan de Dokterswacht biten en mishannele hat. Ek moat er sa'n 500 euro oan skeafergoeding en smertejild betelje. It ynsidint barde yn de nacht fan 29 oktober ferline jier. De sjauffeur en de dokter seagen de man út Easternijtsjerk doe mei syn auto yn de berm by Dokkum stean. De man wie kwealik oansprekber en hy like ûnder ynfloed fan alkohol. Om ûngelokken foar te kommen, hie de sjauffeur fan de Dokterswacht dêrom de kaaien ôfpakt. De man út Easternijtsjerk waard doe poerrazend en foel de sjauffeur oan.
Hy skopte, sloech en biet de man. Om himsels te beskermjen hat de sjauffeur doe de kaaien mar weromjûn. De man út Easternijtsjerk is fuortriden, hy waard letter oanhâlden troch de plysje. Hy ferklearre dat er mar in pear bierkes hân hie, mar hy sei ek dat er sûkersykte hat. Yn kombinaasje mei alkohol kin dat hiel gefaarlik wêze. De rjochter fynt dat de man dat wol witte koe en nimt de saak heech op. De saak hat grutte ynfloed hân op de sjauffeur. Hy hat nei it sikehûs west, om te sjen oft er gjin besmetting oprûn hie.