Grut feest by iepening ferdûbele N31 Harns yn oktober

09 aug 2017 - 15:22
Oanlis fan it nije akwadukt yn de N31 by Harns - Foto: www.n31harlingen.nl

De iepening fan de fernijde en ferdûbele autodyk N31 by Harns yn oktober wurdt in grut feest. Op it programma stean ferskate sportive en muzikale aktiviteiten. Sa sil de band Vangrail de jûns fan freed 6 oktober in optreden jaan by it akwadukt. Op sneon 7 oktober is der moarns in tiidrit foar hurdfytsers. Dy giet oer de nije dyk en troch it nije akwadukt.

Fuortendaliks nei de tiidrit folget in hurddraafwedstriid. Sneontemiddei wurdt in strjitfestival hâlden op de nije N31. By alle fiadukten komt in plein mei muzikale of teätrale aktiviteiten. De sneins dêrop is der in middeisbrochje en dêrnei giet de dyk iepen foar kuierders en fytsers.

Op oare plakken yn de stêd sil ek stilstien wurde by de iepening fan de fernijde N31. Sa wurdt der in grutte bedriuwebeurs hâlden op bedriuweterrein Oostpoort.

Trefwurden: 
N31 Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)