Nij stichtingsbestjoer wol de Freule mear statuer jaan

De Freule yn Wommels liket sûnt woansdei wat mear op de PC. By de start fan de partij yn Wommels wurdt tenei in taspraak hâlden troch de foarsitter. Sûnt ferline jier wurdt de Freule net mear organisearre troch de keatsferiening, mar troch in aparte stichting, om de keatsferiening te ûntlêsten. Johan van Tuinen fan Berltsum is de foarsitter fan de nije stichting en hy wol de Freulepartij mear 'statuer' jaan.
Yn syn earste taspraak ferwiisde Van Tuinen nei Clara Jacoba Freule de Vos van Steenwijk, dy't yn 1902 in flink bedrach beskikber stelde foar it organisearjen fan in jierlikse jongespartij yn Wommels. It wie al tradysje om it winnende partoer fan fyftich jier lyn út te nûgjen, tenei wurde ek de winners fan 25 jier tebek wolkom hjitten op it fjild yn Wommels.