Blog: Us húskes

Yn Munkfors mochten wy gebrûk meitsje fan it fakânsjehûs fan Klaas en Gerda Hoekstra. Yn dit hûs hat de famylje in lyts jier wenne foar't se it hûs kochten dêr't se no wenje. We ha der hearlik twa nachten sliept. Hjoed sette we ôf nei Gustavfors, 50 km fierderop. In lyts doarp tusken de beammen oan de mar. Hjir sliepe we yn it fakânsjeappartemint fan Piet en Lidy Scheffer. Wat treffe wy it dochs!