Blog: Twa wike thús, twa wike op it skip

Fannacht 3 oere is Klaas Hoekstra thús kommen yn Munkfors. Hy hat twa wike fearn op in tanker. Klaas is stjoerman en wurket twa wike op twa wike ôf. Syn wurk is net yn Sweden, mar meast yn Nederlân en Dútslân. Seis jier lyn gongen Klaas en Gerda mei har trije bern nei Sweden op syk nei mear romte en minder stress. Se hienen ûnderfining mei har simmerhûs en sa wie de beslissing om te emigrearen yn in pear dagen nommen. Gerda hat wurk fûn yn de âldereinsoarch.
De bern fielden har gau thús op skoalle. Echte freonen meitsje falt ôf, dat hat te krijen mei de ôfstân; komst net sa mar even bymekoar oer de flier.
De Fryske radio stiet eins alle dagen oan. Sweedske televyzje ha se in skofke besocht, mar Omrop Fryslân en de Nederlânske stjoerders ha har foarkar. Dat de Hoekstra's út Fryslân komme wurdt al dúdlik as we it hiem opride: Lobke draaft op ús ôf, in echte Fryske stabij.