Krityk op beneaming Paul Smits

31 maaie 2012 - 18:14
Foto: Foto: ANP

Minister Schippers fan folkssûnens nimt gjin maatregels tsjin de beneaming fan Paul Smits as ynterim-direkteur by Noorderbreedte. Smits wie earder direkteur fan it Maasstêdsikehûs yn Rotterdam yn de perioade dat dêr in epidemy fan de klebsiella-baktearje trije deadlike slachtoffers makke.

Keamerleden fan PVV, PvdA en SP hiene tongersdei in soad beswieren tsjin syn beneaming by Noorderbreedte. De minister antwurde dat sy neat te sizzen hat oer dy beneaming, mar dat it foech dêrfoar leit by de ried fan tafersjoch fan Noorderbreedte.

Trefwurden: 
Noorderbreedte Paul Smits
(Advertinsje)
(Advertinsje)