Stik oer 'Anna en Us Heit'

It stik 'Anna en Us Heit' giet op 16 septimber yn premjêre yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert. It stik foar twa akteurs en in pear muzikanten soe dizze moanne al opfierd wurde, mar troch in ûngemak wie dat net mooglik.
It stik is skreaun troch Jan-Dirk van Ravesteijn, bekend fan it teaterstik Mooi Mislukt yn de Aldehou. De produksje fan Anna en Us Heit kostet 15.000 euro. Dat jild wurdt foar it grutste part opbrocht troch Van Ravensteijn sels. It giet oer de Fryske stêdhâlder Loadewyk fan Nassau en syn frou Anna.
It houlik duorre mar sân moanne, doe ferstoar Anna. Se wiene o sa lokkich en dat is neffens Van Ravensteijn de reden dat Loadewyk net opnij troud is.