Nij sportkompleks Ljouwert

31 maaie 2012 - 16:43

Sportkompleks Kealledykje yn Ljouwert wurdt foar miljoenen oanpakt om trije fusearjende fuotbalferienings in goed plak te jaan. Der komt ek romte foar rugbyklup Grutte Pier en de hurdfytsferiening De Friesche Leeuw. It opknappen fan de sportfjilden stie al op de rol, mar troch de langferwachte fúzje fan de fuotbalferienings Read Giel, VV Leeuwarden en Nicator kinne de plannen op gruttere skaal útfierd wurde.

De fuotbalklups komme op it plak fan Read Giel. Der wurde twa nije keunstgersfjilden oanlein en der komt in nije kantine.

Yn de plannen sitte noch net genôch klaaikeamers. Foar de klaaikeamers wurdt no de noarm brûkt fan de feriening Nederlânske gemeenten, mar dat is net genôch. Rood Geel, VV Leeuwarden en Nicator sjogge net allinnich nei de gemeente foar jild at it giet om mear klaaikeamers. In wurkgroep sjocht nei alle gedachten ek nei sponsorjilden of de ynset fan frijwilligers by it bouwen. De bestjoeren fan de klups ha fertrouwen yn de nije plannen en stean ek efter de fúzje dy't dêr by heart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)