Auto tsjin fangrail op de A6

31 maaie 2012 - 16:08
Foto: Omrop Fryslân

By in ûngelok op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer hat oan it begjin fan 'e middei in auto swiere skea oprûn. De bestjoerder is mooglik troch it minne waar fan 'e dyk tsjin de fangrail rekke. Dêrnei gie er in pear slaggen yn 'e rûnte en botste yn de middenberm wer tsjin de fangrail.

De plysje hat de dyk in skoft lang ôfsetten foar de berging fan de auto. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
ûngelok A6
(Advertinsje)
(Advertinsje)