Keamerfragen oer fleanbasis

31 maaie 2012 - 15:59
F-16 op de Fleanbasis Ljouwert - Foto: ANP

SP-keamerlid Van Dijk wol fan minister Hillen fan definsje witte oft der yndie geheime plannen binne om de fleanbasis Ljouwert te sluten. Dêr soe ek yn stean dat it tal F16's nei ûnderen moat. Nije besunigings by de loftmacht soene nedich wêze fanwege de hege oanskafpriis fan JSF-strieljagers.

Keamerlid Van Dijk fynt dat personiel fan de basis yn alle gefallen oant 2018 wis wêze moat fan syn baan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)