Te min omtinken ymmigrantetaal

31 maaie 2012 - 15:37
Dielnimmers oan in ynboargeringskursus yn Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Der is yn Nederlân hast gjin romte foar talen fan ymmigranten. De oerheid leit de klam allinnich op it Nederlânsk. Dat docht bliken út ûndersyk fan Language Rich Europe nei meartaligens. It ûndersyk is útfierd troch Mercator fan de Fryske Akademy en waard presintearre yn Utert.

Foar it ûndersyk is sjoen nei it taalbeleid yn tweintich Europeeske lannen. Der is ek sjoen nei de posysje fan it Frysk. Om't dy taal as offisjele taal ûnderdiel is fan ûnder oare it ûnderwiis is der in soad romte foar. Dat jildt net foar talen fan ymmigranten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)