Minder kij yn de ferkeap of nei de slacht

09 aug 2017 - 14:06
Foto: Henk Bootsma

Tsientallen boeren hoege foarearst gjin kij te ferkeapjen of te slachtsjen, om sa wat oan it dongoerskot te dwaan. Dat hat de rjochter yn Den Haach woansdei bepaald. It giet dan om boeren dy't flink ynvesteard hawwe yn har bedriuw.

Yn maaie waard ek al in tal boeren frijsteld troch de rjochter. Steatssekretaris Martijn van Dam hat heger berop oantekene tsjin dy útspraak, op 18 septimber bûcht de rjochter him dêr oer. Neffens Europeeske regels produsearret Nederlân tefolle dong, dêrom moat it tal kij yn ús lân omleech.

Trefwurden: 
kij dongoerskot
(Advertinsje)
(Advertinsje)