Doarpskafee Wergea fallyt

09 aug 2017 - 12:55

De Ljouwerter rjochtbank hat kafee 's Lands Welvaren yn Wergea woansdei fallyt ferklearre. It kafee wie ôfrûne snein foar it lêst iepen. Foarsitter Teake Kloosterman fan Pleatslik Belang Wergea neamt it 'hiel spitich' dat it byldbepalende kafee yn it sintrum fan it doarp fallyt is. 's Lands Welvaren is it iennichste kafee yn it doarp en waard ek troch ferskate ferieningen brûkt foar aktiviteiten. Ferskate kaartklups, de dartklup, de biljertklup en de toanielferiening moatte no omsjen nei in oare lokaasje. De pizzeria dy't yn itselde gebou sit, falt bûten it fallisemint en is gewoan iepen. It kafee sels is al foar in grut diel leechhelle.

Pleatslik Belang wist dat it finansjeel net sa goed gie mei it kafee en hat ek al in pear kear mei de kroechbaas oerlein om te sjen oft it doarp ek helpe kinne soe. Dat soe bygelyks kinne yn de foarm fan doarpskroech mei in aparte stichting. Pleatslik Belang wie ek al dwaande mei in ûndersyk nei de mooglikheden dêrfoar. It fallisemint hat dy plannen no trochkrúst. Kroechbaas Jaap Wesselius fan Wergea is op dit stuit net berikber foar kommentaar. Itselde jildt foar kurator Brian van der Togt út Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)