Monitoaringsfûke moat fiskpopulaasje yn kaart bringe

09 aug 2017 - 11:43

Der moat in saneamde monitoaringsfûke yn it easten fan de Waadsee komme. Mei sa'n fûke wolle it Programma naar een rijke Waddenzee en de Waadferiening de populaasje fisk yn see yn kaart bringe. De fûke moat yn de buert fan de Lauwersmar komme en in toeristyske lûker wurde.

By Teksel en Skylge binne al fan sokke fûken. Ut ûndersyk mei de fûken docht ûnder oare bliken dat de fiskstân stadichoan tebekrint. Dat komt troch de fiskerij, it waarmer wurden fan de Waadsee en predatoaren lykas de seehûn.

Trefwurden: 
monitoaringsfûke Waadsee
(Advertinsje)
(Advertinsje)