Gjin brulloftsfeesten yn Teatertún Riis

09 aug 2017 - 11:24
Foto: Teatertún

De Teatertún yn Riis kin by de Ried fan Steat gjin heger berop oantekenje tsjin in fonnis fan de rjochtbank Noard-Nederlân, dy't omstriden brulloftsfeesten ferbied. It iepenloft teäter is net-ûntfanklik ferklearre, om't it beswier trije dagen te let yntsjinne waard. Der is neffens de ried gjin goed ekskús foar.

Neffens Bart van der Wal fan de Teatertún siet hy yn it bûtenlân en binne juridyske prosedueren foar him gjin deistich wurk. Omwenners Jules Meijer en Peter Bohle binne bliid mei de útspraak. Sy sizze in soad lêst te hawwen fan de brulloften. Se stapten meardere kearen nei de rjochter om de feesten te kearen. De gemeente De Fryske Marren woe der net tsjin optrede.

Trefwurden: 
Riis teatertún
(Advertinsje)
(Advertinsje)