Hurdriders reitsje rydbewiis kwyt

09 aug 2017 - 09:39
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

In 19-jierrige jonge út Gorinchem hat net lang fan syn rydbewiis genietsje kinnen. Hy ried mei 156 kilometer oer de N7 by Snits, dêr't 80 kilometer it maksimum is. De plysje sette de jonge oan de kant en naam syn rydbewiis yn beslach. De bestjoerder hie it rydbewiis noch mar in moanne yn syn besit.

In 33-jierrige ynwenner fan de gemeente It Bilt rekke yn Ljouwert syn rydbewiis kwyt. De man ried mei 161 kilometer oer de Harnzerstrjitwei, dêr't 80 kilometer tastien is.

Trefwurden: 
hurdrider rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)