Twadde smoarchwetterstasjon Marrekrite wurdt iepene

09 aug 2017 - 09:27
Marrekrite - Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

Rekreaasjeskip Marrekrite iepenet woansdei syn twadde driuwende duorsume smoarchwetterstasjon. It saneamde 'It Húske' leit by de Sont oan de farwei tusken Warkum en De Fluezen. Boatsjeminsken kinne oanlizze by it stasjon om har smoarchwettertank te leegjen.

Sûnt de maitiid leit der ek in smoarchwetterstation yn de Noarder Alde Wei. Boatsjeminsken hoege net mear nei in jachthaven om harren tank te leegjen, boppedat is it fergees. De stasjons kinne har sels rêde. Se ha sinnepanielen op it dak en it wetter wurdt ekologysk suvere en skjin weromstoart op it wetter.

It wetterskip wol yn de takomst noch tsien fan sokke stasjons pleatse om sa te soargjen foar skjin swim- en farwetter. De nije stasjons wurde mooglik foarsjoen fan wifi, in dûs en in húske. It is ferbean om wetter te loazen op it iepen wetter, dochs bart dat noch in soad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)