Kollum: "Gastfrij"

09 aug 2017 - 08:42

"Sensasjoneel berjocht moandei. Google Translate tusken it Frysk en Ingelsk wurdt ferbettere. Hear jim it, it hillige Frysk. En Ingelsk sûnder oantsjutting. Gewoan Ingelsk. De grap wie doe’t Omrop Fryslân dat berjocht op twitter sette, yn it Frysk fansels, waard ynienen frege as je ek in fertaling fan dizze Deenske sin ha wolle soenen. Dat is gjin ferbettering, mar feroaring. Oars wurdt altyd frege om fertaling út it Noarsk. Ik soe dit hiele gedoch wol ôfdwaan wolle mei “hokker ûnsin is dit no wer”.

Mar in oar foarfal brocht my dochs ta in oar omtinken. Ik siet op in terras fan in kroech, ik sis net wêr. Der sieten minsken njonken my. Dy fertelden mei Brabânske tongfal dat se simmers al tsien jier yn Fryslân komme en dat se it in machtich moai lân fine. Se hienen no sels ek foar it earst nei it skûtsjesilen west. Dêr hienen se foar it oare net in lover fan begrepen, want it waard harren net útlein. Se wiene dus op in oar terras telâne kaam. Dêr hienen se mei in soad Fryske minsken praat. En se woenen net mear hearre dat Fryslân in stiif folkje hat. Hielendal net, Friezen bin sa iepen en fleurich as wat, seinen se.

Ja op in terras.

Dus sei ik tsjin dy man dan sil ik jo wat oars sjen litte, jo krij in pilske. Ik stuts dus de hân, sterker de hiele earm, op nei de foarbyrinnende besoarchjuffer. No mei de helte dêrfan net in bestelling opnimme, mar sy hie sa’n kastje, dus dat doarde ik wol te weagjen. Sy seach lykwols de oare kant út, de kant wêr’t gjin minsken sieten. Dat rêde se noch twa kear op, dat doe wie ik goed toarstich en myn nije maat net mear sa fleurich oer de golle gastfrijens fan de Friezen. Der bin ek terrassen der ha de juffers in oare oplieding hân en dy sjogge je hân wol altiten. Mar ik fertel ek net hokker kroegen dat binne, en dat hoecht ek net, want der sit it al grôtfol minsken.

Wat ik bedoel, we moatte as folk wat tsjinstberder wurde oan dy tûzenen en tûzenen lju dy’t hjir mei fakânsje komme of inkeld allinne in dei efkes te sjen. We moat se útlizze werom as dy keatsers sa oerdwealsk oeral hinne rinne. Wy moat se fertelle dat de fierljeppers ek wol om rinne kinne, mar kieze foar in needsprong, want dan bin se earder by de ljip. We moat útlizze wêrom as twa skûtsjes yn de wyn sile, dat se dan somtiden elke in oare kant útgean, sa wol letterlik as figuerlik.

Fertel it se. Fan A nei B fytse is net ien rûte, der bin ferskate. Jou se oan, dy lju wolle netallegear itselde paad del. Jo kin bygelyks op seis ferskillende wizen fan Earnewâld nei Aldegea komme, mar se ha mar ien op har kaartsje. Wa brûkt noch kaartsjes, appkes meitsje bliksem. Ek foar de wettersporter dy’t hiel faak net wit wêr as se binne. Jou it oan, jou op krúspunten oan wêr’t je hinne kinne, en hoe fier as dat is. Dy buorden kin winters wol stean bliuwe want dan komme se hjir ommers allegear wer te reedriden.

Fansels docht Martin Cnossen fan Merk Fryslân syn uterste bêst om Fryslân sjen te litten, mar wy Friezen fine blykber dat de lju dy’t hjir komme har presys sa gedrage moatte as wy. En dat betsjut dat se harsels rêde moatte. Dat kin en wol net elkenien. Dy’t it wol wol, dy rêdt him dus wol, dy’t it net wol moat we stypje. Inkeld al mei it each op takom kulturele haadstêdjier. Gastfrij wêze. It is dêrom moai dat hieltyd mear winkels sneins ek iepen binne. Mar ek yn de tsjerken kin men dan teplak, al moat der dan wol oanjûn wurde wannear as der preek is en foar hokker leauwe. Sa kin ik trochgean. Rydt de provinsje sels ris yn mei de gedachte ik wit fan neat. Sjoch dan wêr’t je helpleas útkomme. En as dat allegear regele is, dan mei it Frysk ek noch wol goed translate wurde. Desneeds troch Google."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)