Huize Lindenoord ferhierd

31 maaie 2012 - 14:12

Huize Lindenoord yn Wolvegea wurdt ferhierd oan de Stichting Comperio. De hier giet yn op 1 jannewaris 2014 foar in perioade fan tsien jier. Yn Huize Lindenoord siet oant 2003 sechtich jier lang it gemeentehûs fan Weststellingwerf. It gebou wurdt earst foar 750.000 euro opknapt. De stifting is in netwurk fan 32 iepenbiere basisskoallen. Mei-inoar wurkje der sawat 400 minsken.

Boargemaster Van Klaveren fan de gemeente Weststellingwerf is bliid dat der no lang om let in bestimming fûn is foar it monumintale gebou.

De stichting betellet 63.000 euro hier yn it jier.

Trefwurden: 
Huize Lindenoord
(Advertinsje)
(Advertinsje)