FrieslandCampina begjint mei gentechfrije molke

09 aug 2017 - 06:54

FrieslandCampina sil mei hast 200 boeren yn it Noarden en Suden fan it lân gentechfrije molke en tsiis produseare. De suvel wurdt produseard foar de Dútske merk dêr't al jierren fraach is nei gentechfrij iten. Om oan de easken te foldwaan moatte kij ûnder oaren gentechfrij fretten krije.

It fabryk yn Warkum dêr't gentechfrij produseard wurde sil moat de molke apart ferwurkje. De omskeakeling duorret trije moanne, pas dan kin it karmerk gentechfrij (VGO) jûn wurde. Boeren dy't meidogge oan de proef krije in ekstra fergoeding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)