Grutte plysje-ynset foar drinkelinge yn Snits

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
In frou is tiisdeitejûn yn de Van Schouwenburgstrjitte yn Snits yn it wetter rekke. De plysje moast mei trije boaten hurd farre troch de Houkesleat om gau op it plak fan it ûngelok te wêzen.
De frou is troch plysjes wer op de wâl holpen. Hoe't sy yn it wetter bedarre is, is net bekend. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De brânwacht dy't ek ûnderweis wie nei de drinkelinge, koe werom nei de kazerne. De plysje is stadich weromfearn. Se biede op Twitter ekskuses oan foar de oerlêst fan it hurdfarren.