Hûndert oanfragen foar .frl

31 maaie 2012 - 14:07
Webbrowser - Foto: Omrop Fryslân

Oant no ta hûndert partikulieren, bedriuwen en ynstellings hawwe har by de provinsje melden omdat se in ynternetdomyn oanfreegje wolle dat einiget op .frl. Dat wurdt skielk de Fryske ferzjy fan .nl.

Op de webside fan de Provinsje Fryslân kinne gadingmakkers oanjaan hokker webadres sy einigje litte wolle op .frl. Der kinne ek ynternetadressen oanfrege wurde mei dakjes en streekjes. Dat koe oant no ta net. De nije ynternetadressen kinne noch net yn gebrûk naam wurde. Dat wurdt nei alle gedachten 2013.

Der rinne no noch beswier- en kontrôleprosedueres by de ICANN, de ynternasjonale organisaasje foar it fêststellen fan de saneamde topleveldomeinnammen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)