Bou nij hûs Noardburgum mei trochgean fan Ried fan Steat

It Tsjerkepaed is no noch iepen op guon plakken © Google Streetview
De bou fan in nij hûs oan it Tsjerkepaed yn Noardburgum kin foarearst trochgean. Dat hat de Ried fan Steat besletten. De saak wie oanspand troch in buorman. Dy woe syn frije útsjoch oer de greiden net kwyt. Ek fûn er dat it karakter fan it heidedoarp oantaast wurde soe, as der in hûs bykomme soe oan it Tsjerkepaed. It giet om ien fan de lêste plakken dy't noch iepen binne. Earder dizze moanne frege de buorman om tydlik útstel fan it bestimmingsplan.
De Ried fan Steat fynt lykwols dat it giet om in ynwreidingslokaasje en dat dy wol opfolle wurde mei mei in wente. De gemeente Tytsjerksteradiel wie earst ek tsjin, mar doe't it plan foar it hûs wat oanpast waard, gie de gemeente dochs akkoart.
Letter dit jier folget noch wol in boaiemproseduere oer it bestimmingsplan.