Nominaasje foar sânskulptuer as tydlik grêfmonumint

08 aug 2017 - 19:54
Grêfmonumint fan sân

It idee fan in sânmonumint op in grêf fan Alec Messchaert is nominearre foar de Yarden Afscheidsprijs 2017. In sânmonumint is in sânskulptuer dat tsjinnet as tydlik grêfmonumint. Messchaert is fan de organisaasje fan it sânskulptuerefestival dat faak yn Snits plakhat.

'Een zandmonument biedt meteen na een begrafenis een mooie en zeer persoonlijke oplossing tot aan de plaatsing van de definitieve grafsteen', seit Messchaert. Sa kin langer neitocht wurde oer de goede stien of de tiid naam wurde foar finansjele en oare saken.

In sânmonumint kin in pear moanne oant mear as in jier stean bliuwe. Hast alles kin fan sân makke wurde, bygelyks in sport, in favoryt dier of in kluplogo.

Stimme kin oant en mei 31 sugustus op de website fan Yarden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)