Liveblog: bliuw hjir op 'e hichte fan de Freule

09 aug 2017 - 18:00

Foar de keatsjonges stiet woansdei yn Wommels de wichtichste partij fan it jier op it programma: de 115e Freule. Ferline jier gie de titel nei Menaam. Yn totaal stride woansdei 53 partoeren om de titel. In pear dagen lyn waard der al lotte, inkelde favoriten nimme it yn de earste omloop al tsjininoar op. Omrop Fryslân docht de hiele dei troch ferslach fan de Freule mei in liveblog en útslaggen fan alle partijen op ynternet en de Omrop-app, en flitsen op de radio.

Yn dit liveblog alle útslaggen en in oersjoch fan wat der bart op de sosjale media. Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken. Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen ek op Omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
liveblog Freule keatsen Wommels
(Advertinsje)
(Advertinsje)