Auto draait op A32 en komt tsjin ferkear yn ta stilstân

08 aug 2017 - 19:21
Auto draait heale slach op A32 en komt mei de foarkant tsjin de rydrjochting ta stilstân - Foto: De Vries Media

De A32 tusken It Hearrenfean en Stienwyk hat tiisdeitemiddei koarte tiid ôfsletten west foar ferkear. Op de dyk wie in auto in slach draaid. Hy kaam tsjin de rydrjochting yn ta stilstân. Nei alle gedachten is it ûngefal by it ynfoegjen bard.

Ien persoan moast behannele wurde troch de ambulânse en koe dêrnei syn of har wei wer ferfolgje. De rjochter rydstrook waard al gau wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok auto
(Advertinsje)
(Advertinsje)