Lêze foar de Freule giet troch, beneed ûnder dak

08 aug 2017 - 17:38
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It ûnderdiel Lêze foar de Freule dat fanâlds hâlden wurdt op dei foar de keatspartij yn Wommels giet troch, wat waar it ek is. De lêzing wurdt tiisdeitejûn jûn troch sjoernalist en columnist Bonne Stienstra.

Mocht it waar te min wêze, dan wurdt de gearkomste ferpleatst nei in dûchwaarakkommodaasje, lit de organisaasje witte. De lêzing begjint tiisdeitejûn om healwei njoggenen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)