Drinkeling blykt mof te wêzen

De helptsjinsten binne tiisdeitemiddei manmachtich op 'en paad gien foar in mooglike drinkeling yn it wetter yn Burdaard. Twa jonges seagen by de Kolkhuzerbrêge oer de Dokkumer Ie in hân driuwen en bellen 112.
In dûkteam út Ljouwert, twa tankautospuiten - fan de brânwacht Ferwert en Hallum -, in rêdingsteam út Burgum, in ambulânse en meardere plysje-ienheden waarden alarmearre.
Doe't de helptsjinsten teplak kamen, die bliken dat it om in mof gie dy't yn it wetter like op in minskehân. Dêrop koene de oare helptsjinsten op harren post bliuwe.