Fjirtich laptops stellen út kantoar dat klantkontakten docht

08 aug 2017 - 15:39
laptop - Foto: © Omrop Fryslân

It wie tiisdeitemoarn "alle hens oan dek" by it bedriuw KCS oan de Lange Marktstraat yn Ljouwert. It die bliken dat der by dit bedriuw 40 fan de 65 laptops út it kantoar stellen wiene. Dy sieten fêst, mar wiene troch ynbrekkers losknipt en meinommen. Yn sân hasten moast in needfoarsjenning betocht wurde, fertelt direkteur Diederik Renne. Syn bedriuw KCS docht in part fan de klantkontakten foar soarchfersekerder Zilveren Kruis. Sûnder laptops koene de meiwurkers hielendal neat dwaan.

Mei help fan oare bedriuwen yn itselde kantoar slagge it om dochs in tal wurkplakken klear te krijen. Fierder waarden ek kollega's fan oare fêstigingen ynskeakele. De direkteur sprekt fan in 'sinleaze, laffe died'. Neffens him kinne de dieven hielendal neat mei de laptops, omdat dy allinnich mei in spesjale elektroanyske kaai opstart wurde kinne. Renne seit dat der gjin klantgegevens op de laptops stiene. Hy seit dat er der dêrom wis fan is dat der gjin gefoelige ynformaasje yn hannen kommen is fan de ynbrekkers.

Woansdeitemoarn kin KCS neffens Renne wer gewoan oan de slach, omdat der dan ferfangende kompjûters ynstallearre binne.

Trefwurden: 
laptops stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)