Akkrum wint mei ôfstân driuwerij Earnewâld

08 aug 2017 - 15:19

It skûtsje fan Akkrum hat de tredde wedstriid fan de SKS by Earnewâld wûn. De Akkrumers hienen it earste startnûmer lotte, en dêrtroch koenen se fuort en daliks frij sile. Skipper Pieter Meeter is út de skroeven mei de winst. "Hûndert punten!" 

"We wienen fuort en daliks goed fuort út de start, en doe tocht ik al: 'it is hjoed Akkrum-dei!' De grutte mannen sieten wat achteryn, no dat koe foar ús gjin kwea.'"

Protest tsjin wedstriidkommisje

Oft dizze wedstriid wol meitelt foar it klassemint, dêr moat de sjuery noch oer gear. Der rinne twa protesten tsjin de wedstriidkommisje. Ien fan Drachten en ien fan Ljouwert. Neffens de skippers wie der yn de Folkertssleat te min romte om te draaien. De skûtsjes fan Drachten en Ljouwert bedarren tusken de boaten fan taskôgers.

It is ek noch net dúdlik oft de wedstriid fan moandei wol jildich is foar it klassemint. Earder sei de sjuery dat de wedstriid ôfkard wurde moast, mar it bestjoer blykt dêr oer te gean. Binnen twa dagen moat dêr in beslút oer falle.

Koade giel

De wedstriid yn Earnewâld wie om ketier oer trijen al dien. Earder as normaal, omdat der min waar foarsein wie. It KNMI hat foar hast it hiele lân koade giel ôfjûn.

Hjirûnder de folsleine útslach:

1. Akkrum
2. De Lemmer
3. Súdwesthoeke
4. Grou
5. Earnewâld
6. Hearrenfean
7. Huzum
8. de Heale Moanne
9. Snits
10. Wâldsein
11. Langwar
12. Ljouwert
13. Drachten

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(advertinsje)
(advertinsje)