Optimistyske Friezinne op Madeira "hie de smoar yn"

08 aug 2017 - 15:04

Tûzenen fakânsjegongers sitte fêst op it Portugeeske eilân Madeira. Fleantugen kinne dêr net wei fanwege de hurde wyn. Mear as hûndert Nederlânske toeristen soenen troffen wêze, en dêr sitte ek Friezen by.

Fjouwer dagen fêst

Rimmy Thijsma bygelyks, fan Wergea. Se soe eins sneon al fleane, mar dat slagge net. In fleantúch dat spesjaal ynset wie om de fakânsjegongers op te heljen, hat neffens reisorganisaasje TUI moandeitejûn trije kear om 'e nocht besocht te lânjen.

"It duorret wol lang", seit Thijsma, "we hawwe de luchthaven no wol sjoen. We hienen 14 dagen fakânsje pland, mar dat wurde no wat mear", seit se. "Dan kinne je wol de hiele tiid by sa'n balyjuf stean gean, mar dy kin der ek neat oan dwaan."

"Se gongen hast op de fûst"

Thijsma hâldt de moed deryn. Al is dat net altyd like maklik. "Ik klink no wol optimistysk, mar we hawwe fansels ek wolris even de smoar yn. Juster bygelyks, doe wienen hjir guon, dy gongen hast mei-inoar op de fûst."

Tiisdeitemiddei sil de Friezinne mei oare strâne reizgers op in fearboat nei in oar eilân farre. Dêrwei kinne wol fleantugen de loft yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)