Nij koart pleit Schatzenburg

31 maaie 2012 - 13:05

Der leit in útspraak fan de rjochter oer it iepenstellen fan swimbad Schatzenburg, mar der komt al wer in nij koart pleit oan. Dit kear tusken de twa eigeners fan it swimbad, de hearen Siderius en De Jong en de hierder Van Booma. De eigeners wolle fan it kontrakt mei Van Booma ôf. Se binne it net mei him iens oer de skea oan de liedings.. Van Booma soe de hier ek net betelje.

De rjochter bepaalde dat it swimbad oer twa wike gebrûksklear wêze moat, mar dat it neffens Van Booma ûnmooglik. It is gefaarlik om druk op de liedings te setten.

Trefwurden: 
Schatzenburg
(Advertinsje)
(Advertinsje)