Alde yntakte wetterput oantroffen yn foartún Boazum

In bysûndere fynst yn de tún fan Frans Roorda út Boazum. Dêr is oan de Suderdyk in âlde wetterput ûnder de grûn oantroffen. De put. dy't yn goede steat is, soe brûkt wêze om de suvel yn 'e molkenkelder te ferkuoljen.
Roorda's dochter Ilse belle him twa wiken lyn op dat der in gat by harren yn de tún siet. Roorda kaam gau thús en seach doe yndied dat der in djip gat yn 'e grûn siet. "Mei in stôk deryn kamen we al op fiif meter djipte. We hawwe doe fan de buorman in kraantsje liend en de ôfrûne wiken haw ik oan it graven west", fertelt Roorda.
18e iuw
Tiisdei nûge Roorda amateurarcheologen Robbert Velt en Abraham Bus út om syn fynst te besjen. "Dit is natuurlijk heel bijzonder. We zijn nu druk bezig om de modder te zeven en hopen dan vondsten te doen die ook meer kunnen vertellen over hoe oud de put is. Dat kunnen we nu nog niet met zekerheid zeggen, maar we vermoeden dat het om een 18e eeuwse put gaat."
Winskput
Roorda hopet noch op in moaie fynst yn 'e put of yn 'e modder dy't er nei boppen hellet. In tal jierren lyn fûn er in âlde munt fan 1573 út Kampen yn syn tún. "It is fansels skande om dizze moaie put ôf te dekken mei in betonplaat. It moaiste soe wêze as we der noch in muorke fan twa meter boppe-op bouwe. En dan moatte we der mar in moaie winskput fan meitsje. De winskput fan Boazum", laket Roorda.