Fragen oer fleanbasis

31 maaie 2012 - 12:55
F16

De gemeenteried fan Ljouwert makket him grutte soargen oer de takomst fan de fleanbasis. Neffens oanhâldende ferhalen moat der de kommende tiid besunige wurde op definsje en dêrmei ek op de loftmacht. Dat soe liede kinne ta baneferlies of sels sluting fan de basis.

Op de fleanbasis wurkje likernôch tûzen minsken. De VVD, PvdA en it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert hawwe fragen steld oan B en W oer de fleanbasis.

Trefwurden: 
fleanbasis
(Advertinsje)
(Advertinsje)