Bouboeren helje in protte fan it lân

08 aug 2017 - 14:08

De risping fan nôt leit dit jier oant no ta wol in wike foar op skema. Op dit stuit is al sawat de helte fan it lân helle. De Fryske bouboeren en gruthannels hawwe it der smoardrok mei. Sy besykje noch safolle mooglik nôt fan it lân te krijen, foardat der wer in wikselfallige perioade komt.

De stimming is no lykwols posityf: de opbringst is 15 persint heger as ferline jier, ek al hiene wy in drûge maitiid. De prizen bliuwe oant no ta wol efter. In opbringst fan 200 euro per ton is rendabel, mar de prizen op de wrâldmerk lizze dêr op dit stuit noch sa'n 40 euro ûnder, sa seit Jelte Pars fan graanhannel Pars yn Sint-Jabik. Neffens him wurdt dat reedlik kompensearre troch de hegere opbringst. It nôt dat yn Fryslân ferboud wurdt, wurdt foar it grutste part ferwurke as feefoer, bygelyks foar slachtpiken.

Yn july hat it in protte reind. Dêrtroch is it nôt op in soad plakken griis en swart ferkleure, mar de oantaasting troch skimmels is ferrassend lyts en it nôt is goed fan it lân te krijen, sa seit Pars.

Trefwurden: 
nôt bouboeren risping
(Advertinsje)
(Advertinsje)