Jumbo: ophâlde mei energydrank

31 maaie 2012 - 12:50

De eigener fan de Jumbosupermerken yn Dokkum is ree om op te hâlden mei de ferkeap fan enerzjydrankjes. No al moatte jongerein 16 jier of âlder wêze om de drank te krijen.

De GGD wol dat enerzjydrankjes lykas Red Bull út de supermerken ferdwine sadat skoalbern se net mear keapje kinne. Neffens de sûnensorganisaasje binne de drankjes min foar bern. Sa soe by geregeld en lang drinken sels bliuwende skea ûntstean kinne. Learlingen fan it Dockinga college, dêr't enerzjydrankjes ferbean binne, fine de nijste plannen oerdreaun.

Trefwurden: 
Jumbo GGD enerzjydrankjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)