Topdrokte yn kattehotel Bitgummole

"Foar de katten moat it altiten in spesjale dei wêze", seit Ineke van der Wal fan kattehotel In-Ro yn Bitgummole. Tiisdei is it wrâldkattedei, mar dêr fernimme de 44 bewenners fan it hotel neat fan. No mei de boufak is it topdrokte, mar dêr fernimme je eins neat fan.
Ja, der binne in soad katten, mar alle romten wurden goed skjinhâlden, de katten kinne nei in bûtenhok ta kuierje en hawwe genôch romte. It hotel moat de bisten wat it húskeamergefoel jaan. Dat betsjut bygelyks dat der ek muzyk draaid wurdt sadat 'de minske' ek altiten op de eftergrûn te hearren is. Guon katten moatte efkes ien of twa dagen wenne, mar dêrnei is it klear. De eigeners fan de katten komme út hiel Fryslân.