Underhâld oan gaswinput Moddergat

08 aug 2017 - 11:58

De NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij, fiert fan mids augustus oant mids septimber ûnderhâld út oan ien fan de beide gaswinputten by Moddergat. Op fjouwer kilometer djipte moatte der ferskate technyske oanpassingen dien wurde. Dêrnei kin de gaswinput yn gebrûk naam wurde.

Foar it wurk is it ûnder oare nedich dat der ôffakkele wurdt. Ek binne der meardere transporten foar de oan- en ôffier fan materialen. Dat bart safolle mooglik oerdeis, mar mooglik wurdt der ek jûns en nachts wurke, seit de NAM. Omwenners kinne oerlêst ha fan ljocht en lûd.

Trefwurden: 
NAM Moddergat ûnderhâld
(advertinsje)
(advertinsje)