Fúzje biblioteken Súd-Fryslân

31 maaie 2012 - 12:41
Boeken biblioteek - Foto: ANP XTRA

De biblioteken fan Súd-Fryslân en Súdwest-Fryslân wolle fusearje. Okkerdeis is in oerienkomst tekene oer oan hokker betingsten foldien wurde moat. It giet om de biblioteken fan Hearrenfean, Skarsterlân, Lemsterlân, Súdwest-Fryslân, Littenseradiel en Gaasterlân-Sleat. Nei de bestjoerlike fúzje sil der noch ien direkteur/bestjoerder wêze.

De plannen binne ynjûn omreden fan besuniging. De gemeentlike weryndielings en digitale ûntwikkelings yn it biblioteekwurk hawwe ek meispile.

Trefwurden: 
Fúzje biblioteken
(Advertinsje)
(Advertinsje)