Ofkarde skûtsjewedstriid mooglik dochs net ôfkard

It kin samar wêze dat de skûtsjesylwedstriid by De Feanhoop dochs meitelt foar it kampioenskip fan de SKS. De sjuery, dy't moandei noch sei dat de wedstriid ûnjildich ferklearre wurde moast, blykt dêr net oer te gean. It SKS-bestjoer moat der in beslút oer nimme. Dêr ha se twa dagen de tiid foar, meldt de SKS.
Protest
Fjouwer skûtsjes protestearren tsjin de wedstriidkommisje, omdat se de start net earlik fûnen. Der soe net genôch romte west ha yn it Grytmansrak. De sjuery joech de skippers gelyk.
De skippers fan Langwar, de Súdwesthoeke, Wâldsein en Hearrenfean hiene protest yntsjinne. Dat diene se op grûn fan in artikel dêr't yn stiet dat wannear't der de mooglikheid is om op rom wetter te silen, dat der dan net keazen wurde moat foar smel farwetter. It Grytmansrak is smel.
Diskwalifikaasje
De diskwalifikaasje fan De Jouwer stiet net ter diskusje. Skippers en bemanningen steane achter de beslissing, sei skipper Douwe Visser fan Snits by it palaver yn Earnewâld. Dêr wie applaus foar it SKS-bestjoer.
Yn Earnewâld wurdt om 14:00 oere it 10-minuteskot jûn foar de tredde wedstriid yn it SKS kampioenskip. Dêr dogge no noch trettjin skûtsjes oan mei.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.