Aldste aaisikersklup hâldt op om aaisikersferbod

08 aug 2017 - 10:14

Op 30 septimber komt der in ein oan de âldste aaisikersclub fan Fryslân, Moarns Ier. Nei 125 jier heft de klup himsels op. It hat gjin doel om troch te gean, omdat der gjin tekens binne dat it aaisykjen wer tasien wurdt, seit Moarns Ier.

Foarsitter Sybren Jansma seit dat in Fryske tradysje de nekke omdraaid is. Op sneon 30 septimber stiet Moarns Ier stil by syn skiednis. Dan is ek de alderlêste ledegearkomste yn Reduzum.

Trefwurden: 
aaisykjen Moarns Ier Reduzum
(advertinsje)
(advertinsje)