Kollum: "'Frysk bloed tsjoch op"

08 aug 2017 - 08:19

"De Upstalsbeam yn Rahe by Aurich (Auwerk) wurdt takom jier opkreaze. Foar dyjingen dy’t it net witte: de Upstalsbeam is it plak dêr’t de Friezen froeger byinoar kamen om te fergaderjen, om rjocht te sprekken en om, as it moast, de Fryske frijheid te ferdedigjen. In plak fan grutte kultureel-histoaryske betsjutting. Der komt in rom parkearplak dat oantsjut wurdt mei sylhûetten fan Fryske striders. De paden yn de bosk wurde oanpast, der komme genôch fytserekken en mear ynformaasjepanielen. Dêrnjonken stean dúdlike hânwizers by de grutte dyk op de plenning. De Fryske skiednis wurdt op dy wize goed sichtber yn it lânskip, en de ferwachting is dat it gâns mear minsken lûke sil.

In inisjatyf dat ik allinne mar tajubelje kin. En dat my tagelyk op it folgjende bringt: wêrom wurdt der by ús neat oan de fiere skiednis dien? Fansels, wy ha it Frysk museum dêr’tst in quick-fix krije kinst. Dat is it dan ek wol sa’n bytsje. Wêrom binne der yn ús provinsje gjin plakken yn de bûtenloft dêr’tst yn de kunde komme kinst mei it ferline en it deistich bestean fan de earste bewenners fan de lege lannen? Ha wy te min ferbylding? Te min moed? Of hat de kerstening sa bot húshâlden dat alles dat pre-kristlik is net yn ’t ljocht komme mei, bewust of ûnbewust?

Nim de Willibrord-dobbe op It Amelân. Dy plasse wetter hat de namme fan in monnik krigen, wylst dy dobbe wijd wie oan Foste, de Fryske god fan it rjocht. Sa’n plak soe folle mear omtinken ha moatte, mei ynformaasje oer goadewrâld en maatskippij fan dy tiid, en ferwizingen nei oare histoaryske plakken. Wêrom wurdt bygelyks Bonifatius fereare, wylst bekend is dat it in fundamentalistyske preker wie, dy’t mei help fan mear as fyftich sindingsgeastliken en mear as it dûbelde oan soldaten de pleatslike befolking net inkeld provosearre, mar in kopke lytser makke as dy har net bekeare woe? Se skeinden de timpels, sloegen hillige beammen om en fersteurden de riten fan it folk. Bonifatius is ek net fermoarde wurden, hy is sneuvele yn in earlike striid. By deiljocht. Neffens it Lex Frisionum hiene de Friezen it folste rjocht om moardners, timpelskeiners en oantaasters fan hillichdommen dea te dwaan. Dy skiednis soe ferteld wurde moatte, yn stee fan op de knibbels te fallen foar in ier-midsiuwske terrorist.

Twa lytse foarbylden. En troch. Wêrom is der yn plakken as it Deenske Ribe en it Dútske Hadeby mear oer de Fryske skiednis te finen as yn it hiele Nederlân? Is dat net in omisje dêr’t wy wat oan dwaan moatte? Om de boel op gong te bringen in idee. Smyt yn de buert fan Starum in nije terp op. Bou dêr in delsetting sa’t dy der yn de 7e en 8e iuw útseach, Redbad syn tiid. In iepenloftmuseum mei alles derop en deroan. Rûnom yn Skandinavië litte se sjen dat it kin. Soksoarte projekten soene de skiednis libben en sichtber meitsje. Goed foar de wurkgelegenheid, goed foar it toerisme en goed foar de ekonomy. Ynvestearders en provinsje: wêr wachtsje wy op, fergemy!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)