Protte materiële skea by twa ûngelokken

08 aug 2017 - 07:18

Troch in ûngelok hat de N358, de Lauwersmarwei tusken Bûtenpost en Kollum, moandeitemiddei ôfsletten west. In auto mei oanhingwein kaam yn botsing mei in bus. De bestjoerder fan de auto wie de macht oer it stjoer kwyt rekke. Ambulânsepersoniel hat de bestjoerder fan de auto en de bussjauffeur fan de fierder lege bus neisjoen. Nimmen rekke ferwûne.

By in oanriding tusken twa auto's by Noardwâlde-Súd wie moandeitemiddei in protte skea. Op de krusing Westvierdeparten mei de Nieuweweg gong it mis. Troch in foarrangsflater fan ien fan de auto's ûntstie de botsing. Gjinien rekke ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)