Snitswike wrakselet mei strange lûdsnoarmen

08 aug 2017 - 06:21

De sân muzykpoadia fan de Snitswike wrakselje bot mei de strange lûdsnoarmen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy lûdsnoarm is dit jier maksimaal 85 desibel. Dat is net folle, want as der in soad publyk is, dan produsearje de minsken mear leven as de band. Ofrûne sneon is dêrom ek al in band ophâlden mei spyljen. De tiisdeitejûn - de jûn foar Hurdsyldei - is tradisjoneel in wichtige stapjûn yn de Snitswike. Neffens muzykprogrammeur Jan van Omme fan de Snitswike sil it in soad kreativiteit freegje fan alle belutsenen om der mei muzyk op heale krêft jûn dochs noch in moai feest fan te meitsjen. It oars opstellen fan lûdsboksen en it pleatsen fan ekstra boksen is ien fan de mooglikheden om de muzyk ek mei minder desibellen dochs noch goed klinke te litten.

Oer de grins fan 85 desibel hinne gean is net sûnder risiko, want de gemeente Súdwest-Fryslân hat desibelmjitters pleatst by alle poadia en mjit permanint hoefolle leven der produsearre wurdt. Jan van Omme wol it desibelbelied nei de Snitswike wol graach evaluearje mei de gemeente, want neffens him is de noarm fan 85 desibel eins te leech. As der in pear tûzen man publyk is, dan produsearje dy al 92 desibel. Dan wurdt it foar in band of in DJ dy't mar 85 desibel meitsje mei in toer om al dy minsken te berikken.

Trefwurden: 
Snitswike Snits desibellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)