Gjin profesjonele promoasje mear fan Turfrûte

In aparte situaasje is geande by stichting De Nije Kompanjons op De Gordyk. Wylst de toeristyske Turfrûte tusken Drinte en Fryslân op dit stuit útdjippe wurdt ta 1.30 meter, is it stichtingsbestjoer ûnderwylst ek dwaande om har hannen ôf te lûken fan de promoasje fan dyselde Turfrûte. Dit jier hoege boatsjefarders foar it earst gjin brêgejild mear te beteljen, mar dat betsjut ek dat de stichting folle minder ynkomsten krijt.
De provinsje woe dat gat yn de begrutting de kommende trije jier kompensearje mei 6.000 euro yn it jier, wylst de stichting no mei 10.000 euro al net útkomt. Neffens foarsitter Jantienus Have is dat fierstente min om de Turfrûte profesjoneel te promoatsjen. De súdeasthoeke fan Fryslân soe neffens him fierstente min omtinken krije fan ûnder oaren Merk Fryslân, de toeristyske marketingorganisaasje fan de provinsje. "Der sit gjin beweging yn, der komt gjin jild frij. Ek Merk Fryslân is nea op ús skriuwen yngien. Wy binne frijwilligers dy't net sûnder jild in profesjonele marketingkampanje delsette kinne, dêrom hâlde wy der nei takom jier echt mei op."
Mear boaten
Posityf is dat it stichtingsbestjoer wol it oantal boatsjefarders tanimmen sjocht. "Foarich jier hawwe sa'n 1300 boaten gebrûk makke fan dizze rûte, dit jier hoopje wy op 1500 boaten. It is ek net sa dat wy no alles opjûn hawwe. We bliuwe wol ús bêst noch dwaan dit jier, mar we witte noch net hoe't it takom jier komt. Wy hoopje ynkoarten mei Toeristisch Netwerk de Friese Wouden om tafel te kinnen om de takomst fan de Turfrûte te bepraten."