Google Translate tusken it Frysk en Ingelsk ferbettere

07 aug 2017 - 21:09

De Google oersettingen tusken it Ingelsk en it Frysk binne neffens Google sels stikken better wurden. Moandei is der in ferbettere ferzje yntrodusearre dy't mooglik makke is troch saneamde 'machine learning'. Dêrby leare kompjûters better oer te setten troch in hiel soad minsklike oersettingen te bestudearjen. Yn april is der ek al sa'n ferbettering trochfierd foar oersettingen tusken it Ingelsk en it Nederlânsk. Ien en oar betsjut ek dat net elts wurd mear apart oersetten wurdt, mar hiele sinnen tagelyk.

Google Translate is sûnt febrewaris ferline jier beskikber foar it Frysk. Yn in soad oare talen is it ek mooglik om in sin foarlêze te litten. It is ek hiel goed mooglik dat soks aanst ek yn it Frysk kin, seit wurdfierder Cindy Penders fan Google Benelux.

(advertinsje)
(advertinsje)