Man út Wynjewâld krijt gjin skeaclaim fan 1 miljard euro

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Wynjewâld hoecht net te rekkenjen op in skeafergoeding fan 1 miljard euro fan syn buorlju. De rjochter hat de claim moandei fan tafel fage. De man soe troch syn buorlju mishannele wêze. Dy sizze lykwols dat der mar ien klap fallen is en de offisier fan justysje en de rjochter giene dêr yn mei. De buorlju binne wol feroardiele, mar krije gjin straf.
Harren ferhaal is dat de man hieltyd om dingen fan neat de plysje of de gemeente bellet. In tsjûge sei dat de man spul hat mei alle buorlju. De rjochter hat de skeaclaim mei opsetsin ôfwiisd. Faak wurdt sa'n claim net ûntfanklik ferklearre en kin de yntsjinner noch nei de boargerlike rjochter om de skea te ferheljen, mar troch de ôfwizing is dat net mear mooglik.