SKS skûtsjesilen op De Feanhoop ûnjildich ferklearre

07 aug 2017 - 20:04

De twadde wedstriid fan it SKS skûtsjesilen op De Feanhoop is efternei ûnjildich ferklearre. Dat hat de protestkommisje moandeitejûn besletten. Fjouwer skippers hienen in protest yntsjinne tsjin de kommisje, om't se de start net earlik fûnen. Der soe net genôch romte west ha yn it Grytmansrak. Dêr moasten alle skûtsjes foar de wyn fuortsile. It waard in gribus. De skippers fan Langwar, de Súdwesthoeke, Wâldsein en Hearrenfean ha protest yntsjinne. Dat barde op grûn fan artikel 9 wêryn't stiet dat wannear't der de mooglikheid is om op rom wetter te silen, dat dan net keazen wurde moat foar smel farwetter, sa't moandei it gefal wie by it Grytmansrak.

It is noch ûndúdlik oft de wedstriid ynhelle wurdt, mar neffens ferslachjouwer Geartsje de Vries bart dat meast net. "En dat is fansels hiel sneu foar Earnewâld", beslút se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)