Fjouwer skûtsjes protestearje tsjin wedstriidkommisje SKS

07 aug 2017 - 19:09

De sjuery fan de SKS kin samar beslute dat de hiele wedstriid fan moandei op de Veenhoop net jildich is. Fjouwer skippers ha in protest yntsjinne tsjin de wedstriidkommisje. De start wie net earlik, sizze se.

Der soe net genôch romte west ha yn it Grytmansrak. Dêr moasten alle skûtsjes foar de wyn fuortsile. It waard in gribus. De skippers fan Langwar, de Súdwesthoeke, Wâldsein en Hearrenfean ha protest yntsjinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)